Fertochte berneporno oanhâlden

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan De Jouwer (47) is oanhâlden op fertinking fan it yn it besit hawwen fan berneporno. De fertochte wist sneintemiddei twa hiel jonge bern yn syn wente te krijen troch harren snobbersguod oan te bieden. Yn 'e wente liet de man de bern foto's sjen op de kompjûter, nei alle berneporno. De bern binne doe fuortgien. De kompjûter is yn beslach naam. De fertochte sit noch fêst.