Sligro nimt Desimo oer

04 sep 2007 - 07:58

Sligro neemt hoarekagruthannel Desimo út Ljouwert oer. Allinnich de bakkerijaktiviteiten fan Desimo binne gjin ûnderdiel fan de oername.

De aktiviteiten fan Desimo sille ferpleatst wurde nei de festiging fan Sligro yn Drachten. Sligro nimt ek it pân fan Desimo yn Ljouwert op yndustryterrein De Hemrik oer. Op dizze lokaasje sil in selsbetsjinningsgruthannel fan Sligro komme. Dizze moat yn 2008 iepen gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)