Alves net by fuotbalgala

03 sep 2007 - 22:19

Hearrenfean-spits Afonso Alves bleau moandei fuort by de útrikking fan de Gouden Schoen oan de bêste fuotballer fan it seizoen 2006/2007. Alves liet de organisaasje fan it fuotbalgala pas oardel oere yn't foar wite dat er net komme soe. De Braziliaan soe yn 'e war wêze.

De priis waard no yn ûntfangst nommen troch Hearrenfean-trener Gertjan Verbeek. Dy sei dat er 'begrip' hat foar de problemen fan Alves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)