Oplieding doktersassistint nij

03 sep 2007 - 21:03

ROC Friese Poort set meikoarten útein mei in folslein nije oplieding foar doktersassistinten om't de hjoeddeiske oplieding net foldwaande oanslút by de praktyk yn sikehuzen. Studinten mei in diploma moasten dêrom earder yntern noch in oplieding folgje.

Yn de nije oplieding rinne de studinten ûnder oaren folle langer staazje. Yn totaal sille se njoggen moanne oan de slach by it MCL yn Ljouwert of Nij Smellinghe yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)