Enkête oer smoke en alkohol

© Omrop Fryslân
Skoalbern tusken de 12 en 19 jier yn Achtkarspelen krije de kommende wiken op skoalle in enkête oer smoke, alkohol, bewege en frije tiid.
De enkête wurdt fia ynternet hâlden. De gemeente wol sa ûndersykje hoe't se de jongeren ta in sûner en aktiver libben bringe kin. Sûnt ferline jier rinne der al twa saneamde Leefstijlprojekten yn Bûtenpost en Surhústerfean, mei aktiviteiten as dûke, kanofarre en muorreklimmen.