Frou oerriden troch shovel

03 sep 2007 - 14:12

Yn it Grinzer Noordbroek is sneintejûn in frou ferwûne rekke troch in ûngelok mei in shovel.

De meiwurkster fan in hinnefokkerij waard oerriden troch in shovel dy't bestjoerd waard troch in 50-jierige man fan de Harkema. Hy hie in tal kisten foar op syn shovel, dy't him nei alle gedachten it sicht ûntnommen ha. De Arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)