Swimferbod Wielen foarby

03 sep 2007 - 13:13

Der kin wer swommen wurde yn de Grutte Wielen by Ljouwert.

By de lêste mjittingen fan freedtemiddei binne gjin salmonellabakteriën mear fûn. De provinsje hat dêrom it swimferbod wer ynlutsen. Dat ferbod waard tongersdei ynsteld nei de fynst fan de salmonellabesmetting. Dy besmetting wie ôfkomstich fan in rûnfeartskip dat ûnbedoeld ôffalwetter yn de mar streame liet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)