Muorke kapel as monumint

03 sep 2007 - 12:52

Yn 'e Bonifatiuskapel yn Dokkum is moandeitemoarn in begjin makke mei de bou fan in muorke fan kleastermoppen.

Dat binne stiennen dy't yn 'e midsieuwen bakt binne foar de bou fan kleasters. It muorke komt as monumint yn 'e âlde sakristy fan 'e kapel. Dy wurdt op dit stuit ferboud ta in besikerssintrum. De stiennen dy't foar it muorke brûkt wurde binne troch de jierren hinne sammele troch Loadewyk Damsma(85) fan De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)