Jeugdsoarch: taname 40 prosint

03 sep 2007 - 12:14

Yn Fryslân wurde der dit jier seker 250 bern ekstra ûnder tafersjoch stelt; in taname fan 40 prosint yn fergelyk mei 2006.

Dat lit it bureau Jeugdzorg Friesland witte. De âlders kinne yn sa'n gefal net mear goed foar it bern soargje. De taname komt neffens de Jeugdzorg troch dat jeugd mear oan bygelyks drugs en alkohol bleatsteld wurdt. Fierders wurdt der troch bûtensteanders earder melding dien fan problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)