Skip útbaarnd yn haven Flylân

03 sep 2007 - 09:55

Yn de haven fan Flylân is yn de nacht fan snein op moandei in skip útbaarnd.

In houten jacht fan alve meter fleach tsjin twa oere yn brân. De eigner, in Noarske solosiler, rekke licht ferwûne, mar koe him sels yn feilichheid bringe. De brânwacht koe it skip net mear rêde. Omdat der in gasfles oan board wie, wie der gefaar foar ûntploffing. Fjouwer skippen binne dêrom nei in oare steiger brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)