Trije ûngelokken op de A7
Troch trije ûngelokken op de A7 tusken Hearrenfean en De Jouwer hat it ferkear moandeitemoarn grutte fertraging oprûn.
Oer in ôfstân fan 10 kilometer wiene op trije plakken lytse ûngelokken gebeurd. Dêrby is gjin ien ferwûne rekke, mar it opromjen soarge foar in soad oerlêst.