Deelstra wint 5 kilometer

© Omrop Fryslân
Hurdrinster Andrea Deelstra fan Dwingelo, útkommend foar Athlon Hearrenfean, hat sneon yn Ruinerwold de 5 km wûn. Se rûn de ôfstân yn in tiid fan 17 minuten en 57 sekonden.
By de manlju waard Stefan Postma fan De Blesse twad yn in tiid fan 16 minuten en 35 sekonden. Winner Gert Jan Stevens út Noordscheschut wie twa tellen rapper. Op de 10 km foar froulju waard Liesbeth Steenbergen fan Snits twadde.