Foarwerp fan akwadukt ôfsmiten

02 sep 2007 - 14:55

Unbekenden ha yn de nacht fan sneon op snein fanôf it akwadukt by Nes in foarwerp smiten op in auto dy't foarby kaam. De auto waard bestjoerd troch in frou (21) út Grou. De frou ried ûnder de tunnel troch doe't der wat op har motorkap delkaam.

De motorkap kaam tsjin it foarrút en gie stikken. In achterop kommende auto fan in man (46) út Almelo koe de brokstikken net ûntwike en krige in lekke bân. Net ien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)