Elma de Vries twad yn Snits
Elma de Vries fan De Haule is sneon 2e wurden by de 18e etappe fan de Univé World on Wheels-skeelerkompetysje yn Snits. De Belgyske Hilde Goovaerts wûn de massasprint fan it peloton. De Dútske Tina Struver waard tredde.
Elma de Vries hat yn it twadde diel fan de koers wol besocht om fuort te kommen, mar de ploech fan de winneres hie de koers folslein ûnder kontrôle. Hilde Goovaerts is by de froulju lieder fan it algemien klassemint.