Sutelaksje wer fan start

02 sep 2007 - 12:29
  • De sutelaksje is wer los

De sutelaksje foar it Fryske Boek sil nei alle gedachten de kommende wiken wer sa'n 25.000 boeken oan de man bringe. Dêrmei is it belang fan de frijwilligers mei har sutelkroaden oantoand, sa seit foarsitter Durk Hibma fan it Fryske Boek.

Grutte krêft fan de sutelaksje is dat meiïnoar 1750 ferkeapers yn hast 150 doarpen by de minsken del komme. Ofrûne freed begûn de sutelaksje yn Stiens. 13 oktober is de lêste dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)