FNP-fragen oer dongfergisting

02 sep 2007 - 12:26

Dongfergisting kin yn de takomst minder ynteressant foar boeren wurde as no. Dat stelt de FNP-steatefraksje. Ferline wike besliste de Steatsrie dat in ynstallaasje foar enerzjy-opwekking troch dongfergisting gjin agraryske aktiviteit is, mar yndustry.

De fraach is no oft de tariedings foar in grut tal dongfergisters by Fryske boeren op it hiem stil komme te lizzen. De FNP hat hjiroer fragen steld oan Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)