Hearrenfean-Sparta 3-3

Frije traap foar it doel fan Hearrenfean (foto: Martin de Jong)
De Sportklub Hearrenfean kaam sneontejûn yn de twadde thúswedstriid fan it seizoen wer net fierder as in lykspul. Tsjin Sparta waard it 3-3. De thúsploech moast it spul meitsje tsjin in ferdigenjend Sparta, mar earst nei in goed healoere makke Gerald Sibon de 1-0. Krekt foar it skoft foel de 1-1.
Yn de twadde helte moast der twa kear in efterstân fuortwurke wurde. Dat slagge troch Danijel Pranjic en in eigen doelpunt fan de Rotterdammers.