Solexrace De Jouwer stiet faai
It WK Solexrace ferdwynt mooglik fan De Jouwer. Sneon waard de race foar de 25e kear holden op'e De Jouwer, mar it soe wolris de lêste kear wêze kinne.
It bestjoer fan de Jouster Solex Club is al in jier op syk nei nije minsken, mar dat slagget mar net. In ein fan in tradysje liket dermei yn sicht.