Kramer Frysk kampioen triatlon

01 sep 2007 - 16:54
  • Mariska Kramer, hjir yn aksje yn Rotterdam, waard sneon Frysk kampioen op de triatlon.

Mariska Kramer út Drachten is sneon yn har eigen wenplak Frysk kampioen triatlon wurden op de Olympyske ôfstân; 1,5 km swimme, 40 km fytse en 10 km hurdrinne.

By de manlju kaam Stefen van der Pal fan Ljouwert as twadde oer de streek en dat wie genôch foar it Frysk Kampioenskip.De kampioen fan foarich jier Sjaco Kramer út Drachten waard tredde.De wedstriid is wûn troch Johan Neevel út Wezep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)