Auto oer de kop by Haskerdiken

© Omrop Fryslân
In frou fan 23 jier út Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Haskerdiken.
It slachtoffer siet yn de auto fan in 22-jierrige man út Roggel. Dy rekke mei syn auto yn de berm en gong in pear kear oer de kop. Militêren dy't tafallich foarby rieden, ferlienden earste help. De frou út Ljouwert hie ferwûnings oan 'e rêch en ankel en is nei it sikehûs brocht. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.