Frou oanriden yn Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in ûngelok dat freedtejûn plakfûn hat yn Noardwâlde.
Om sân oere hinne waard in 20-jierrige frou fan It Hearrenfean, dy't oan it kuierjen wie, fan achteren oanriden troch in auto op de Molenstrjitte yn it doarp. Se rekke efkes bewusteleas. Yn de tuskentiid is de autobestjoerder trochriden. De frou is mei ferwûnings oan har heup, skouders en holle oerbrocht nei it sikehûs.