330 kuierders folbringe mars

Yn totaal 330 kuierders hawwe de finish helle fan de Kennedymars oer tachtich kilometer fanút Wâlterswâld.
Yn totaal wiene der 370 ynskriuwings. De útfal is sa'n tsien prosint en dêr is organisaasje tefreden mei. Freedtejûn om tsien oere binne se útein setten en se moasten sneontemiddei foar seis oere binnen wêze. De earsten kamen al nei alve oeren oer de streek.