Cambuur ferliest fan Den Bosch

31 aug 2007 - 22:16

Sportklub Cambuur hat de útwedstriid tsjin Den Bosch mei 4-2 ferlern. Cambuur kaam noch wol op foarsprong fia Marc Mboua. Yn de twadde helte kaam Den Bosch werom fia Van der Biezen en Ebbinge.

It waard noch slimmer foar Cambuur doe't Rick Hooyboer in reade kaart krige foar it delheljen fan in trochbrutsen spiler. Beekmans benutte de strafskop, wêrnei't Rossen de einstân bepaalde op 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)