Noch hieltyd gjin rêst yn Ie

de gefolgen fan de sedesaak spylje noch hieltyd yn Ie
Ie is noch hieltyd yn de ban fan de sedesaak dy't twa jier lyn yn it doarp spile. De âlders fan de fertochten en de slachtoffers fan doe ha geregeld spul. De ôfrûne wike eskalearde de saak doe't de ien de oar bedrige en in foardoar fernield waard.
Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel prate tongersdei mei de heiten en memmen fan de slachtoffers. Nije wike sil de boargemaster wer mei alle belutsenen prate.