Lykspul foar Jong Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat tongersdeitejûn in prima prestaasje levere troch mei 0-0 lyk te spyljen foar de beker tsjin Jong Vitesse. De Arnhemmers kamen mei in sterke ploech nei Ljouwert. Under oaren Jasar Takak, Mads Junker en Anders Due diene mei by Vitesse.
Jong Cambuur, ûnder lieding fan Alfons Arts, spile gretich en krige benammen yn de twadde helte in pear goeie kânsen. Vitesse skeat in kear op de peal, mar it bleau by 0-0.