Tribune foar Verbeek

31 aug 2007 - 11:32
  • Verbeek mei 3 wedstriden syn ploech net coache (foto: Martin de Jong)

De tuchtkommisje fan de KNVB hat Verbeek swier straft. De trainer fan SC Hearrenfean mei syn ploech trije wedstriden lang net coache. De straf is swierder as it skikkingfoarstel. Dêryn krige Verbeek trije wedstriden wêrfan ien ûnder betingst.

De trainer krijt de straf om't er snein by de wedstryd Ajax-Hearrenfean de fjirde official in triuw joech. Verbeek giet tsjin de straf yn berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)