Lotting SC Hearrenfean yn UEFA

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat SC Hearrenfean by de lotting foar UEFA Cup-toernoai freed in klub út Súd-Europa of Skandinavië treft. Nei de foar-lotting binne der noch fiif klubs oer: Toulouse (Frankryk), Belenenses (Portugal), Aberdeen (Skotlân), Brann Bergen (Noarwegen) en Helsingborgs (Sweden). De lotting is 13.00 oere.
Oft Alves meispilet, is ûnwis. AZ hat ynteresse yn de spits. De transfermerk slút freedtenacht om 24.00 oere.