Lichem militêr yn Ljouwert

30 aug 2007 - 22:39
  • Martijn Rosier
  • it stoflik omskot is tongersdei yn Fryslân oankommen

It stoflik omskot fan sersjant Martijn Rosier út Sint Anne is tongersdeitejûn oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. Rosier kaam snein yn Afganistan om it libben by in oanslach mei in bermbom.

Hy waard op syn lêste reis begelaat troch in tal kammeraten, werûnder syn broer, dy't ek beropsmilitêr is. Yn Ljouwert waard it lichem mei in koarte seremoanje oerdroegen oan de famylje. Rosier wurdt tiisdei yn besletten rûnte kremeard yn Goutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)