Ekstra ride foar kadavers

30 aug 2007 - 21:53

Destruksjebedriuw Rendac hellet sneon in kear ekstra kadavers op fan boerehiemen. It bedriuw docht dat omdat der op't heden in soad kadavers fan skiep oanbean wurde. Nei alle gedachten hat dat te krijen mei de útbraak fan blautonge yn Nederlân. Foaral skiep kinne dêr oan deagean.

Normaalwei hellet Rendac kadavers dy't freed nei twa oere nachts oanbean wurde op moandei op. Mar it bedriuw rêdt dat troch de drokte no net op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)