Swimferbod yn Grutte Wielen

30 aug 2007 - 17:16

Yn it wetter fan rekreaasjegebiet De Grutte Wielen by Ljouwert is salmonella oantroffen. Der mei net mear swommen wurde. De gemeente hat buorden delsette litten om de gasten te wizen op it swimferbod.

De baktearje is ôfkomstich út it mage-termkanaal fan minsken of bisten. Oer dy wei er ek yn it wetter telâne kaam. De gemeente sil freed mear ûndersyk dwaan nei de salmonellabesmetting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)