Stroffeljend oer de Nijstêd

30 aug 2007 - 16:48

Santjin minsken binne yn it sikehûs telâne kaam troch de minne bestrjitting op 'e Ljouwerter Nijstêd. Dat seit VVD-riedslid Wyb Feddema. De problemen ûnstean benammen trochdat feimasines it sân tusken de stiennen weihelje. Dêrtroch komme de stiennen los te lizzen.

Om it probleem te ferhelpen wol de gemeente in grut part fan 'e stiennen derút helje en yn beton lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)