Ljouwert hat bêste bisteopfang

30 aug 2007 - 16:38

Fan de Fryske gemeenten hat Ljouwert de opfang foar los omrinnende bisten it bêst foarelkoar. Dat docht bliken út ûndersyk fan twa studinten fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn opdracht fan de Partij voor de Dieren. Ljouwert jout it measte jild en hat goed kontakt mei opfangsintra.

Yn Opsterlân en Ferwerderadiel is de opfang net goed regele. Wethâlder Bleize fan Ljouwert hat in oarkonde krige fan 'e dierepartij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)