Rosier nei Fleanbasis Ljouwert

Mei sa'n fleantúch wurdt de omkommen Rosier nei Ljouwert ta brocht
De omkommen Fryske militêr Martijn Rosier wurdt tongersdei fan Afganistan nei Ljouwert brocht. De militêr kaam ôfrûne wykein om it libben yn Afganistan by syn wurk.
It lichem komt om healwei njoggenen oan yn Eindhoven. Dêrwei wurdt Rosier mei in Spaansk fleantúch nei de Fleanbasis Ljouwert brocht. Nei in koarte seremoanje wurdt er oerdroegen oan syn famylje. Syn broer begeliedt him op 'e flucht út Afganistan wei.