Rowwen Hèze net op Music Night

30 aug 2007 - 12:22

It fersyk om in nûmer yn it Frysk te sjongen is foar ferskate nasjonale artysten reden om net mei te dwaan oan de Fryske Music Night. De twadde edysje fan dat muzykfestival is op 30 novimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Under oare Rowwen Hèze en George Baker sjogge fan in optreden ôf omdat se it net oandoare om yn it Frysk te sjongen. Xander de Buisonjé, Henk Westbroek en de Flaamske Dana Winner sille wol meidwaan en Frysk sjonge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)