Sylboat op trailer stellen

30 aug 2007 - 10:08

Yn Drachten binne woansdeitemoarn twa Ljouwerters fan 23 en 26 jier pakt by it stellen fan kentekekenplaten en in oanhinger mei sylboat. Plysjeminsken seagen op de Kletsterleane in auto riden mei oanhinger en in boat dêrop. De kombinaasje foel op omdat de ferljochting net goed wie.

De auto hie falske ketentekenplaten. Dy wiene earder dy nachts stellen. De oanhinger en de boat kamen fan yndustryterrein De Haven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)