Mear jild foar taalbelied

30 aug 2007 - 09:52

De provinsje Fryslân wol de ynwenners fan Fryslân ferliede om mear Frysk te brûken. It budzjet foar taalbelied wurdt mei 3 ton ferhege nei 405.000 euro. Mei dat jild wol de provinsje it Frysk sichtberder meitsje op 'e dyk.

Ek komme der projekten dy't rjochte binne op âlders mei jonge bern en op it fersterkjen fan 'e posysje fan it Frysk yn de ICT-sektor. It giet om de earste taalnota fan de nije deputearre Jannewietske de Vries.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)