Korbach by Hearrenfean

Fritz Korbach by de Hearrenfean-trening (foto Martin de Jong)
Fuotbaltrainer Fritz Korbach rint mei by de technyske stêf fan sportklub Hearrenfean. It giet om in tydlike gearwurking. Neffens de Hearrenfeandireksje is it fan beide kanten frijbliuwend. Hoe lang Korbach meirinne sil is noch net dúdlik.
Earder wie Korbach fan 1990 oant 1992 haadtrainer fan sportklub Hearrenfean. It ôfrûne seizoen waard hy ûntslein by de Harkemase Boys en op dit stuit sit hy sûnder klub.