Froulju H'fean winne mei 3-2

29 aug 2007 - 22:40

De froulju fan sportclub Hearrenfean binne de earedivyzje begûn mei in oerwinning. Hearrenfean wûn yn Enschede mei 3-2 fan FC Twente. Nei ien minút kaam Hearrenfean achter mar binnen tsien minuten stiene se wer mei 2-1 foar. Nicole Delies makke de lykmakker en nei tsien minuten makke Sherida Spitse út in penalty de 2-1.

Acht minuten foar tiid makke Twente gelyk, mar yn blessueretiid makke Spitse 3-2 út in frije traap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)