Nij Smellinghe yn top

© Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stiet twadde yn de ranglist fan bêste algemiene sikehûzen fan it tv-programma Netwerk. De Nederlânske sikehûzen binne yndield yn fjouwer prestaasjekategoryen. Yn kategory ien stiet Nij Smellinghe twadde. Talma Sionsberg yn Dokkum en De Tjongerskâns op it Fean stean yn de tredde kategory.
By de topklinyske sikehûzen stiet it Snitser Antonius earste. MCL Ljouwert stiet dêr yn de twadde kategory.