DS bliid mei gaswinning Waad

Ek de provinsje is wiis mei gaswinning ûnder it Waad...
De útspraak fan de Raad van State dat gaswinning ûnder de Waadsee trochgean kin, is hiel goed nijs foar it Waadfûns. Dat stelt it kolleezje fan Deputearre Steaten.
It Ryk hie it Noarden 800 miljoen euro yn it foarútsicht steld foar projekten om it Waadgebiet better te meitsjen. Mar ít útkearen fan dat jild hong hielendal ôf fan it wol of net trochgean fan dy gaswinning. Dêr kaam woansdei dus dúdlikheid oer.