Oanpak probleemwiken net goed
De provinsje, gemeenten en wenningboukorporaasjes yn Fryslân komme yn ferset tsjin it kabinet. Yn in mienskiplike brief oan de ministers Bos fan Finânsjes en Vogelaar fan Folkshúsfesting stelle de partijen net tefreden te wêzen oer de oanpak fan probleemwiken.
Ek binne se it der net mei iens dat it kabinet in heffing oplizze wol oan wenningboukorporaasjes en projekten sintraal oanstjoere wol.