Jonges drige mei neppistoal

© Omrop Fryslân
Yn Twizelerheide binne tiisdei twa jonges fan 14 en 15 jier út dat doarp oanhâlden omdat se mei in nepwapen omrûnen. De plysje hie in melding krigen dat de jonges yn in boarterstún rûnen, mei mooglik in alarmpistoal. Doe't in pear plysjes dêr kamen, seagen se dat ien fan de jonges it wapen op in pear lytse bern rjochten.
De jonges binne meinaam nei it buro. Dêr krigen se in proses ferbaal en doe binne se wer nei hûs brocht.