Ljouwerter fytser (74) ferwûne

29 aug 2007 - 10:55

In 74-jierrige man út Ljouwert is tiisdei by in ûngelok op de Spanjaardsleane yn syn wenplak slim ferwûne rekke. De man soe op de fyts oerstekke, mar seach de auto fan in frou út Stiens oer de holle. Sy remme hurd, mar koe de man net mear ûntwike.

It slachtoffer waard slim ferwûne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht, mar rekke letter nei it universitêr sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)