Famke bedobbe yn kontener

29 aug 2007 - 10:41

In 11-jierrich famke út Skarsterbrêge is dêr tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok. It bern wie by in bedriuw oan de Haulstersingel mei in freondintsje oan it boartsjen yn in kontener. In meiwurker stoarte op dat stuit mei in heftruck in tal spaanplaten yn de kontener. It famke rekke dêrûnder.

It personeel hat it famke ûnder it hout weihelle en de helptsjinsten ynskeakele. Se is mei de helikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)