Gaswinnen op it Waad mei

De plannen foar it boarjen nei gas op de Waadsee kinne trochset wurde. De Raad van State hat woansdei de beswieren fan ûnder oare Natuur en Milieu en de Nederlandse Vogelscherming fersmiten.
De ried fan steate is fan betinken dat de gaswinning gjin skealike effekten ha sil yn it Waadgebiet. Ek fynt de ried dat it ryk in swierder belang hat yn dizze saak as de beswiermeitsjende miljeu-organisaasjes.