Gjin misdriuw by deade man

© Omrop Fryslân
De man dy't snein dea fûn waard yn it wetter fan de Noordersingel yn Ljouwert, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat de plysje bekend makke. It giet om in man fan 66 jier út Ljouwert.
In foarbygonger ûntduts it stoflik omskot snein en warskôge de plysje. Dûkers fan de brânwacht ha it lichem burgen. Dêrnei is ûndersyk dien nei de identiteit fan de man en de deadsoarsaak.