SP'er út Provinsjale Steaten

29 aug 2007 - 10:14

Steatelid Anneke Apperloo út Ljouwert stapt út Provinsjale Steaten. Ek hat sy har lidmaatskip fan de SP opsein. Se stapt op om 'persoanlike redenen'.

Koartlyn stelde Apperloo har noch op efter it yn de partij omstriden Earste Keamerlid Düzgün Yildirim. Dy waard yn maart mei foarkarstimmen keazen yn de Earste Keamer mar moat dy sit fan it partijburo werom jaan. In soad SP'ers wêrûnder Apperloo hawwe krityk op de hannelwize fan dat partijburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)