Stik A32 it wykein ôfsletten

29 aug 2007 - 10:07

Minsken dy't dit wykein fan Ljouwert nei It Hearrenfean ride wolle moatte in flink ein omride. Troch wurksumheden oan de A32 tusken Wurdum en de ôfslach Snits is dy dyk ôfsletten foar alle ferkear.

De omliedingsrûte fan Rykswettersteat rint fia Drachten. Dêrtroch moatte automobilisten goed 20 kilometer ekstra ride. Minsken út Harns kinne fia Snits wer op de A32 komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)