Boeren tsjin Jouster plannen

© Omrop Fryslân
In nije farrûte troch de Haskerfean- polder sil De Jouwer in soad jild en wurkgelegenheid opsmite, mar de boeren yn it gebiet bliuwe tsjin de plannen.
Yn opdracht fan Skarsterlân hat in ûndersyksburo sjoen oft sa'n farrûte, mei mooglik in mar, helbere opsjes binne. Sa'n wetterferbining mei de oare marren of it Hearrenfeans kanaal soe De Jouwer tritich fêste en hast 200 tydlike banen opleverje. Mar foar de boeren is der no al te min grûn.