Eksposysje Busser yn Brussel

29 aug 2007 - 09:17

Waadskilder Geurt Busser protestearret dizze wike mei syn eksposysje Oneindig Wad yn Brussel tsjin gaswinning yn de Waadsee. De eksposysje is tiisdei iepene yn it Europeesk Parlemint troch parlemintslid Dorette Corbey (PvdA).

De Ried fan Steate docht woansdei útspraak oer de gaswinning. As dy grien ljocht jout, dan wurdt yn Europa fierder prosedearre. Busser wol Europeeske politsy bewust meitsje fan de wearde fan it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)